Donateursdag 2015

Donateurs-dag zaterdag 31 Oktober  a.s. gaat door.

Voor diegenen die van plan zijn mee te gaan houdt u wel de weersverwachtingen voor
deze dag in de gaten. Zodat u a.s. zaterdag goed voorbereid bent. (kleding)
Als u zich nog niet had opgeven dit graag nog even telefonisch doen.

Namens de Stichting tot Zaterdag

Donateursdag a.s. zaterdag 31 Oktober

schip backgroundA.s. zaterdag 31 Oktober 2015 is het dan zover, de donateursdag 2015.
Op deze dag bedanken wij iedereen die ons steunt door ze mee het water op te nemen om lekker te zeilen.

Wij stellen ons deze dag als volgt voor:

Bij voldoende deelname: Opstapplaats Ie Sicht.
Rondom 13 uur gaan we aan boord voor een tocht door de “oude venen”.
Wij zorgen voor enige versnapering aan boord.
Na een “plaspauze” en een “natje en droogje”, gaan we bij voldoende wind richting Grouw.
Zo rond 17 uur zullen we weer afmeren bij Ie Sicht.

Graag via mail: sint.bekkema@tele2.nl opgave voor deelname aan deze dag.
Verder worden de donateurs nog persoonlijk benaderd en hopen u allemaal te kunnen
begroeten.

Verder hou onze site in de gaten, daarop wordt vermeld of het wel/niet door gaat.

Uiteraard kunt U altijd even bellen 0512-382806. /0512-385411.

Kriget Boarnburgum in “doarpsskûtsje”?

Skippers út Boarnburgum en omkriten.

De âlderen witte it wol, mar foar de nije ynwenners van Boarnburgum sil it nij wêze, mar ek yn Boarnburgum en omkriten wennen skûtsjeskippers.
Ek logysk fansels: alle ferfier gong yn die tiid oer it wetter en dêrtroch hie elk doarp syn skûtsjeskipper.
Yn Boarnburgum en omkriten wiene dat:


historie 1Bonne Bergsma                  Boarnburgum
Jacob Bergsma                   Boarnburgum

Jan Bonnes Bergsma          Boarnburgum
J. Bergsma                          De Feanhoop
R. Bergsma                         Boarnburgum
K. Feenstra                         Smelle Ie
Hendrik Keidel                    Boarnburgum/Smelle Ie
Jacob Keidel                       De Wylgen
Wiebe Keidel                      Boarnburgum
K. van Keimpema               Smelle Ie


Ek dizze skippers diene yn jins tiid mei oan skûtsjewedstriiden en foelen dan ek yn ‘e priizen. (Sjuch: Gosse Blom – Om priis en eare, july 2004).

Skûtsje De Verandering

It bloed krûpt dêr’t net gean kin. Dizze útdrukking is wis fan tapassing op Sint Bekkema (1944) fan ‘e Skoalfinne. As soan fan in skipper koe der in 1991 syn dream yn werklikheid omsette: de keap fan in eigen skûtsje. En dêrmei wurdt hy de folgende skûtsjeskipper yn Boarnburgum.

Sint wie al in skoft mei in pear maten op syk nei in skip. It wie yn die tyd dat der in hieltyd oprinnende belangstelling foar skûtsjes kaam. De klup fan frije skippers, dy’t inoar yn ‘e simmerfakânsje op it wetter bekampten, wie groeiende; de IFKS krige hieltiid mear leden.

Histoarje

It skip is yn 1910 troch van der Werff bout op ‘e helling “ Welgelegen” op Skilkampen oan ‘e eastkant van Ljouwert. Opdrachtjouwers wienen de trije brourren Jeltema fan Mûnein. Oer de namme fan it skip koe gjin misferstân bestean: “De Drie Gebroeders”. It wie in fluch skip yn de smelle wetters op ‘e klaai. De fracht wie sa as gebrûklik: ierappels, bieten, terpmodder en dong.

Yn 1920 emigrearden twa fan de trije brourren nei Amerika en kaam it skip te keap. Keaper waard Auke Boskma út Burgum. Hy farde as feint op ‘e Stânfries-boaten, mar woe eigen baes wurde. Auke boaske mei Hiltje fan der Wal en tegearre farden se op it skip. Se hiene de gebrûklike Fryske fracht yn: dong, terpmodder, sân en turf. Nei de komst fan twa dochters wurde it tiid de namme te feroarjen. It wurde “De Verandering” en it lisplak wurde Burgum.

Boskma krige in fest ynkommen toen hy yn feste tsjinst foar de Burgummer molkfabrik farren gong. Hy brocht bûter en tsiis nei Ljouwert en kondinsmolke nei Harns. Op ‘e weromreis naam er stienkoal mei foar de stoommasines fan de molkfabrik.

Nei in ferlenging mei 2,5 mtr yn 1929 troch Jan Oebeles van der Werff op ‘e helling op it Bûtenstfallaet koe it skip twa wagons stienkoal mei nimme.

De Burgummer molkfabrik naam it skûtsje oer, mei Boskma as setskipper, toen de “Evenredige Vrachtverdeling” der oan kaam. Op dizze wize wie de fabryk seker fan in feste ferfierder. It skip krige in nije namme: “Burgummerdaem”.

Nei de Twadde Wraldkriich kocht Boskma it skip werom fan it molkfabrik foar deselde priis as it fabrik der foar betelle hie. Sa wie destiids ofpraat. It skip krige wer de namme: “De Verandering”.

In 1953 makke Auke Boskma de leste reis mei fracht mei it skip. In fracht dong van Nijstedterfeart  nei de beamkwekerij fan Bosgra yn Burgum.
In jier letter stoar Auke Boskma.

It skûtsje kaam in hannen fan in baggerbedriuw yn it Hearrenfean, dy’t er in wenskip fan makken.

Úteinlik wurde “De Verandering” yn 1990 werom fûn yn Snits. Lykas sa folle skûtsjes, dy’t nei in anonym bestean, werom fûn binne om’t de IFKS de mooglikheid bea foar hurdsilen mei skûtsjes.

Op fersyk fan ien fan de maten wurde âld-skûtsjeskipper en âld-kampioen fan de SKS ‘Omke’ Tjitte Brouwer om adfys frege oer de keap fan it skip.
Brouwer beseach it skip en sei: ‘It koe wol skip fan de Burgummerskipper Auke Boskma wêze. Der sit in moaie lijn yn. Keapje it mar, oars rint it dy skielk efterop’. Hy bedoelde te sizzen: as jim it net keapje is der wol in oar, dy’t it keapet. En as Sint it skip net oanhelle, soe der faak wol in oare kaper op ‘e kust ferskine.

De keap gong oan en it skip wurde nei it Bûtenstfallaet helle om te restaureren en wer ûnder seil te bringen. De roef wurde makke en er wer op set; de rombalke, de merkels en de lûken moasten makke wurde. It plak fan de mêstkoker wurde fêststeld en de mêstkoker wurde makke. Der moast in lier komme. De mêst, it roer en de swurden moasten makke wurde. De blokken moasten allegearre makke wurde. Te folle om neamd te wurden. Al mei al in hûd fol wurk. Sint en syn maten hawwe hiel wat switdrippen op it Bûtenstfallaet falle litten.

Pieter Boskma (in soan fan Auke) kriige der lucht fan, dat it skip fan heit wer boppe wetter kommen wie en kaam ûnder de restauraasje op bisite. Oan in dûkje yn ‘e boech oan bakboard koe er sjen dat dit grif it skûtsje fan heit wie.
Hielendal wie Pieter oertsjûge, toen der  by it ôfbrekken in part fan it boeisel mei de namme A. BOSKMA DE VERANDERING fûn wurde.

“As hie de tiid fjirtich jier stil stien, sa seach ik yn gedachten us heit wer op it skûtsje om kroadzjen” sei er. Ut historysk eachpunt hat de stifting de âlde namme en thús-haven wer oernommen.

Tsjintwurdig is Boarnburgum de thúshaven en leit it skip by “Iesicht” op ‘e Headam-men.

Gebrûk

It skip docht mei oan de skûtsjewedstriiden fan de IFKS en kin der goed meikomme in de B-klasse. Ek kinne bedriuwen it skip hiere foar siiltochtjes mei relaasjes. Fierder kinne ferienings en partukelieren it skip ek hiere.

Der is niks moaiers as it op wynkreft troch it natûrgebiet De Alde Feanen te farren en dernei noch lekker út te waaien op ‘e Wiide Ie.

We skriuwe 2013, it skûtsjejier fan de gemeente Smellingerlân. In wurkgroep hat in rige fan aktiviteiten betocht. Ien dêr fan is de Turfrace. Skûtsjes moatte mei fracht út Drachten wei alle doarpen fan de gemeente oandwaan. Se meie gjin motor brûke.
In flink tal skûtsjes skriuwe harren yn. Alle skûtsjes út Smellingerlân dogge mei; de twa SKS-skûtsjes út Drachten, “De Rot” út Rottefalle en  . . . .
It skûtsje “De Verandering” út Boarnburgum kin om technyske redens net mei-dwaan. Yn ‘e farwei sitte in tal fêste brêgen wer de skûtsjes de mest strike moatte.
Om in technyske reden is dit foar De Verandering net mooglik en reperaasje is net goedkeap. Sint en syn soan Jelle steane tegearre foar de kosten en de kosten moatte troch it skip opfard wurde troch it siilen mei ploechjes.

Mar it soe allegear ek oars kinne. As in grut tal ynwenners fan Boarnburgum no es donateur wurde fan it skûtsje foar € 12,50 it jier, dan soenen tal fan winsken fan Sint en syn bemanning útfierd wurde kinne.

Donateurs

Eltse ynwenner en âld-ynwenner fan Boarnburgum, Koartehimmen, De Wylgen, Smelle Ie en De Feanhoop kin donateur wurde fan it Boarnburgummer skûtsje “ De Verandering” foar € 12,50 it jier. As tsjinprestaasje kinne de donateurs in joun mei te siilen.

Sponsers

Eltse ferieniging in Boarnburgum, Koartehimmen, de Wylgen, Smelle Ie en De Feanhoop kin it skûtsje sponserje troch it skip foar in hiele of in heale dei of foar in jountiid te hieren. De kosten hjir fan kin men by Sint en Annie gewaar wurde.

Alle bedriuwen yn Boarnburgum, Koartehimmen, De Wylgen, Smelle Ie en De Feanhoop kinne it skûtsje sponserje mei jild of yn natura. Oer bedragen en tsjinprestaasje kin praat wurde mei Sint of mei de stifting “De Verandering”.

De earste sponsor yn natura is der al. Piet Reitsma fan Karwei- en Onderhouds-bedrijf Reitsma hat oanbean nije namboarden foar it skûtsje te meitsjen.

naamborden piet

Winsken

Fansels hawwe Sint en syn bemanning en de stifting noch in kroade fol winsken. It skip kin goed meikomme yn de B-klasse, mar promovearje nei de A-klasse is de grutste winsk. En yn it ferliene hat Sint oantoont dat dit net onmooglik is.
De winsken, dy it measte jild freegje, binne:
–       de mêst wer striikber meitsje
–       in nij túch
–       de dûbbelingen ûnder het vlak wei

Mar der is fansels ek jild nedich foar alle rinnende saken. It dielnimmersjild foar it IFKS-silen moat der komme. De fersekeringen en keuringen moatte betelle wurde. Jild foar de diesel ûnder it skûtsjsilen om fan A nei B te farren moat op it kleed komme en gean sa mar troch.